Naar vorige bericht: Verkiezing Sporttalent van het Jaar van start
Naar volgende bericht: Fietsbrug Westersingel geplaatst

FNP: opnij aksje foar iepenhâlden sikehûs Sionsberg

DOKKUM – De Steatefraksje fan de FNP wol dat it Kolleezje fan DS fan Fryslân opnij yn aksje komt foar it behâld fan sikehûs Sionsberg yn Dokkum.

De partij hat dêrom hjoed skriftlike fragen steld yn ferbân mei it nijs dat soarchfersekerder De Friesland it kontrakt mei Sionsberg mei yngong fan 1 jannewaris 2017 opsizze wol. De FNP wol dat ferantwurdlik deputearre Schrier noch foar it oankundige petear tusken De Friesland en Sionsberg yn septimber yn aksje komt.

De FNP fynt it tryst dat it fuortbestean fan Sionsberg no opnij bedrige wurdt. En dat de sikehûssoarch oan de regio Noardeast Fryslân fan hast 100.000 minsken dêrtroch op it spul stiet. Ynklusyf de waadeilannen It Amelân en Skiermûntseach. De FNP wol dat soarch beskikber én berikber bliuwt en dêrom moat it Kolleezje fan Fryslân oan it wurk om Sionsberg te rêden.

De partij wiist ek op in Steatebrede moasje fan maaie 2012 dêr’t de Steaten fan Fryslân har útsprutsen hawwe foar it behâld fan akute en bertesoarch yn Noardeast Fryslân. Dy moasje hie ek ferbân mei it ynstânhâlden fan foarsjennings yn dy saneamde ‘krimpregio’. Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP fynt it “ûnbegryplik dat de soarch oan hast 100.000 minsken konstant bedrige wurdt troch in pear djoerbetelle managers”.

De partij wol dêrom witte hoe’t it stiet mei de ynspannings fan it Kolleezje om mear sizzenskip te krijen oer de sprieding fan de soarchfoarsjennings yn Fryslân. Dat is ien fan de doelstellings fan it Koalysje-akkoart fan 2015-2019 fan Fryslân. “De mienskip moat mear ynfloed krije om soarch-ynstellings lykas Sionsberg te behâlden”, neffens Posthumus. “Dat betsjut dat de Steaten fan Fryslân demokratyske kontrôle útoefenje kinne op besluten fan ynstellings lykas De Friesland dy’t oer de berikberens en beskikberens fan de soarch gean”.

Naar vorige bericht: Verkiezing Sporttalent van het Jaar van start
Naar volgende bericht: Fietsbrug Westersingel geplaatst

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale