EASTERMAR – Ôfrûne saterdei waard yn Eastermar de 16e edysje hâlden fan it strjit- en musykfestival Easterbarren. By de iepening, middeis om 14.30 oere op it Breed, wienen der dúdlik minder minsken as foargeande kearen, mar yn de rin fan de middei luts dat aardich by.
Alles by elkoar waard de opkomst dochs wol wer rûsd op sa’n 5000 minsken. By it jûnsprogramma mei de pleatslike band “Compromise” en de coverbands “Why Not” en “The Cube” wie de belangstelling en gesellichheid seker net minder as oars. It waar spile it Easterbarren oe sa yn de kaart. Noflike temperaturen, de sinne, in bytsje wyn. Middeis om 18.00 oere hinne kaam in donker driigjende loft opsetten, mar de bui ferwaaide. It lêst stikje fan it jûnsprogramma joech de natoer in gratis ljochtshow wei yn de foarm fan bliksem fan opkommend ûnwaar. Mar der wie noch moai tiid ek it haadpoadium op te romjen ear’t de plensbuien om healwei tolven echt losbrieken boppe Eastermar.
De organisaasje mocht wer in protte komplimenten krije fan minsken dy’t in skitterjende middei/jûn hân hiene. Foar wa’t in ympresje krije wol: www.easterbarren.nl
Foto: Twa fan’e teateracts op it Easterbarren: trollen fan HympHamp Theater en Folkert Wesseling as bussjauffeur.