Naar vorige bericht: Verdovende middelen aangetroffen in auto
Naar volgende bericht: Twee personen gewond bij brand

Tytsjerksteradiel wol nije slinger jaan oan belied Frysk

BURGUM – Yn it nije beliedsplan Frysk docht it kolleezje fan boargemaster en wethâlders konkrete beliedsútstellen om de posysje fan it Frysk yn Tytsjerksteradiel te ferbetterjen.

It giet dan bygelyks om útstellen om de sertifisearring fan it Frysk yn berneopfang, it stypjen fan it Frysk yn it ûnderwiis en it befoarderjen fan it Frysk skriuwen fan redaksjes fan doarpskranten en doarpswebsides troch it ynstellen fan in nije priis. “De doelstelling fan it Frysk taalbelied is it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal yn Tytsjerksteradiel,” seit wethâlder Houkje Rijpstra.

“Dat dogge wy troch de taal linich en posityf ta te passen. Us taalbelied is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Wy fine it wichtich dat boargers; amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate en skriuwe en fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan inoar.”

Bernesintra

Meartalich opgroeien is in wichtich elemint yn de berne(taal)ûntwikkeling. De gemeente wol dat graach stimulearje en fasilitearje. Yn gearwurking mei it SFBO (Stichting Frysktalige Berne Opfang) wol de gemeente bernesintra helpe by it kreëarjen fan in taalrike omjouwing foar bern. It Kolleezje stribbet dernei dat op syn minst 80% fan de bernesintra sertifisearre binne foar de útfiering fan it taalbelied.

Underwiis

De gemeente trunet de basisskoallen oan om it Frysk heger op de aginda te setten en omtinken te jaan oan de eigen skiednis en kultuer. Yn it fuortset ûnderwiis wol de gemeente it Frysk as eksamenfak stimulearje. Foar it primêr ûnderwiis wol it kolleezje jierliks in bydrage beskikber stelle foar de oanskaf fan Fryske boeken.

Doarpskranten en doarpswebsides

Yn doarpskranten of op doarpswebsides wurdt noch faak yn it Nederlânsk skreaun. De gemeente Littenseradiel hat in priis ynsteld foar it bêste Frysktalige redaksjonele stik. Sa’n priis wol it kolleezje no ek yn Tytsjerksteradiel yn it libben roppe.

Gemeenterie

Om it belied út te fieren wurdt de gemeenterie frege jierliks in ekstra bedrach fan € 7.500 beskikber te stellen. Op 13 july sil de rie it Beleidsplan Frysk beprate.

Naar vorige bericht: Verdovende middelen aangetroffen in auto
Naar volgende bericht: Twee personen gewond bij brand

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale