BURGUM – Utjouwerij Regaad organisearret fan ’t hjerst “Gleon yn ‘e keet”: in toer by Fryske kroegen en doarpshuzen del, mei skunnige ferhalen en readewankjemuzyk.
Yn de donkere dagen lûkt masterferteller Douwe Kootstra alle registers iepen mei al it ûnfoege folksferhalemateriaal dat jo noait lêze of hearre mochten. Folkssanger Sytse Sneekweek soarget dêrby foar in fijn stikje Sneker shockpop. Neitiid kinne de wankjes noch moai wat neigloeie mei it harkjen nei de lekkerste singeltsjes út it Nederlânsktalige ‘schuine’ genre.
De oanlieding foar de toer is de ferskining, op 3 novimber, fan it earste Fryske boek mei ûnfatsoenlike folksfertellings: De wiete poes, en oare ûnfoege ferhalen, fan Jurjen van der Kooi en Douwe Kootstra. It boek sil te keap wêze by alle toeroptredens.
Gleon yn ‘e Keet, 11 novimber in Kiehool Burgum
It program begjint om 20.30 oere, en de tagong is fergees.