BUTENPOST – No’t Vitens de opleine prekario-oanslach troch de gemeente Achtkarspelen op de oanslútings fan boargers en bedriuwen yn Achtkarspelen ferhelje wol, sil de gemeente Achtkarspelen dizze ekstra opslach fergoedzje moatte, sa is de FNP fraksje fan Achtkarspelen fan betinken.
De saak is noch ûnder de rjochter, it is noch mar de fraach yn hoefiere it Wetterliedingbedriuw Vitens yn har rjocht stiet mei dizze opslach. Hoe dan ek de boargers en bedriuwen yn Achtkarspelen meie hjir net de dupe fan wurde, sa fynt de FNP fraksje. Dêrom sil de FNP fraksje Achtkarspelen mei in foarstel ta kompensaasje komme.