Naar vorige bericht: Sfeervolle open dag Lauwers College Buitenpost
Naar volgende bericht: Gratis voorstelling ‘Chocoholic’ in Paviljoen de Leyen

Wurkbesite FNP Achtkarspelen “The Gym” Harkema

HARKEMA – In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen hat ôfrûne wike op wurkbesite west by it fernijde fitness-sintrum fan “The Gym” yn Harkema. De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de direkteur fan “The Gym” dhr. Tjipko Brouwer.

Under it genot fan in bakje kofje mei koeke fertelde Brouwer entûsjast oer syn bedriuw; The Gym is opset yn it jier 2012 oan de Warmoltstrjitte yn Harkema. It wie al gau in sukses. Dêrom is it bedriuw yn 2014 al ferhuze nei in moaie gruttere loads op De Splitting yn Harkema. En no binne hja krekt klear mei in ferbouwing. “The Gym” is folslein fernijd.

De hear Brouwer is hiel tefreden mei it risseltaat. FNP Achtkarspelen seach ek dat alles der hiel goed útsjocht. It is in prachtich fitness sintrum wurden. Brouwer wurket hjir tegearre mei 2 meiwurkers en hat der ek noch 1 stazjêre by.

“The Gym” hat ûngefear 400 klanten, wêrfan san 70 bern. Hiel populêr is it kickboksen by de bern. Se krije hjir les yn en dêrtroch krije se mear selsfertrouwen.

Se leare hjirtroch better foar harren sels op te kommen. Dêrneist kin eltsenien fan jong oant âld telâne yn de sportskoalle anneks fitness-sintrum. Jo kinne hjir oan jo kondysje wurkje mar ek traine foar sporten sa as taikwondo, kickboksen ensfh.

Ek wurket The Gym gear mei fysiotherapy-sintrum De Vesteynde út Bûtenpost. Nei de kofje liede de hear Brouwer de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch syn fernijde sportskoalle en demonstrearre de wurking fan in oantal fitness-apparaten. De FNP’ers betanken Brouwer mei in typysk FNP kadoke foar de nijsgjirrige wurkbesite.

 

Naar vorige bericht: Sfeervolle open dag Lauwers College Buitenpost
Naar volgende bericht: Gratis voorstelling ‘Chocoholic’ in Paviljoen de Leyen

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale