Naar vorige bericht: Kooi Security genomineerd voor Friese Onderneming 2018
Naar volgende bericht: CDA Achtkarspelen: Laat pleegkinderen tot hun 21ste bij pleeggezin wonen

Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan biologyske buorkerij Nijboer

BOELENSLOANE – In delegaasje fan kandidaat riedsleden fan de FNP Achtkarspelen hat ôfrûne wike op wurkbesite west by de buorkerij fan de maatskip Nijboer yn Boelensloane. 

De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de famylje Nijboer. Foar de kofje waarden de FNP-ers rûnlieden oer de buorkerij. De ky wienen sûn en seachen nijsgjirrig nei al dy gasten. Undertusken fertelde Foppe Nijboer fan alles oer syn bedriuw. Yn 1993 binne hy en syn frouw Baukje hjir begûn mei harren buorkerij. It wie doe noch in gongbere buorkerij sa as de measte boeren it no hawwe. Yn 2010 binne se omskeakele nei in biologyske buorkerij.

As jo echt biologysk wurde wolle, dan moatte jo as bedriuw oan strenge betingsten foldwaan, sa as gjin keunstdong mear struie, gjin bestridingsmiddels mear brûke, de kij moatte ferplicht in grut diel fan it jier bûten yn it lân rinne ensfh. Slagget jo dat allegear goed, dan krijt it bedriuw in hegere priis foar de molke.

Mar de hear Foppe Nijboer docht it net allinnich foar in bettere molkepriis, hy is ek in boer dy’t hiel bot hâldt fan de natoer. Dat is mei nammen syn driuwfear om biologysk boer te wêzen. Derneist is Foppe Nijboer ek noch foarsitter fan de Feriening Biologyske Boeren yn Fryslân en foarsitter fan it netwerk “Grondig”.

Under it genot fan in bakje kofje mei cake fertelden Baukje en Foppe Nijboer yn de keuken fan de buorkerij entûsjast fierder oer harren bedriuw. Harren soan Gjalt dy’t ek al mei wurket yn it bedriuw wie derby oanwêzich. It is de bedoeling dat hy oer in oantal jierren it boerebedriuw oernimme sil. Se fertelden alle trije oer de moaie kanten fan it boer wêzen, mar ek oer de hjoeddeistige problemen sa as de fosfaat rjochten en útstjit kamen oan de oarder.

It is net mear sa maklik om boer te wêzen, dan as it doetiids wie. Der komt no folle mear by te sjen en de boer moat no ek in folle gruttere administraasje byhâlde. Oan it ein betanken de FNP-ers de famylje Nijboer foar de hertlike ûntfangst en moaie wurkbesite.

Naar vorige bericht: Kooi Security genomineerd voor Friese Onderneming 2018
Naar volgende bericht: CDA Achtkarspelen: Laat pleegkinderen tot hun 21ste bij pleeggezin wonen

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale