KOATSTERTILLE / BÛTENPOST – De gemeente Achtkarspelen is mei it plan kommen foar in rekonstruksje fan de Âlde Dyk/Oude Dijk tusken Koatstertille en Bûtenpost.
De gemeente wol de wei opknappe, ferbetterje, ferkearsfeiliger en mear autoluw meitsje. Der wurdt no faak te hurd riden en tefolle minsken brûke de Âlde Dyk as slûprûte .In ûnderdiel fan de plannen is om in ‘knip’ yn de wei te meitsjen, sadat de auto’s net mear rjochtstreeks fan Koatstertille nei Bûtenpost ride kinne.
In flink oantal bewenners fan de Âlde Dyk (en ek omwenjenden) binne it hjir net mei iens. Se hawwe te min ynspraak hân fine se en der is te min nei har heard. Ek wolle se de wei iepen hâlde. Se binne net tsjin de rekonstruksje fan de wei en wolle wol dat de wei ferkearsfeiliger en mear autoluw makke wurdt.
Mar se binne it net iens mei de foarstelde ‘knip’ yn de wei. Dêrom ha se beswier makke tsjin de foarstelde plannen. Op de karrousel-gearkomste mei riedsleden fan Achtkarspelen ha 45 ynwenners har hântekening oanbean oan de gemeente mei it fersyk om de wei iepen te hâlden. De FNP Achtkarspelen hat begrip foar dit beswier.
Op dizze jûn kaam de fraksje foarsitter fan FNP Achtkarspelen, dhr. Sake vd Meer dêrom mei in alternatyf plan. Hy frege de gemeente om te sjen nei de rekonstruearre wei yn it Fochterloërveen yn Eaststellingwerf. Dêr is de wei ek ferkearsfeiliger makke en mear autoluw. Dy wei is smeller wurden mei passsearstroken der by, sadat it autoferkear der noch wol lâns kin. Soe dizze oplossing ek net kinne foar de Âlde Dyk/Oude Dijk, sa frege dhr. Sake vd Meer oan it kolleezje fan de gemeente Achtkarspelen.
Neffens de FNP past dit alternatyf moai yn it nije natuergebiet en komt it temjitte oan de beswieren fan de omwenjenden.