Naar vorige bericht: Gaat de vlag uit bij jouw club of vereniging?
Naar volgende bericht: Oebele Brouwer nieuwe burgemeester Achtkarspelen

FNP: skriftlike fragen oer nijbou De Warren Burgum

BURGUM – De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de bouplannen fan 300 wenten yn Burgum-West, ek wol ‘de Warren’ neamd.

It docht bliken dat der wjerstân is by omwenjenden tsjin de bou oan ‘de Warren’. Omdat der noch ynwreidingsmooglikheden binne yn Burgum en oare doarpen fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat de FNP-Steatefraksje hjir grutte muoite mei.

Okkerdeis wie yn de Ljouwerter Krante in opiny-stik te lêzen fan in stikmannich ynwenners fan Burgum oer de bouplannen foar it gebiet ‘de Warren’. De ynwenners wize op it kwetsbere gebiet dêr’t in soad greidfûgels te finen binne. De FNP fynt dat it gjin doel hat dêr te bouwen. Der binne wol oare plakken yn en om Burgum wêr’t noch romte is. Boppedat fynt de fraksje dat ek yn oare doarpen bouwd wurde kin, as dêr ferlet fan is.

It bouplan bringt in splitsing fan it doarp Burgum mei him mei, net allinnich troch de beëage lokaasje mar ek gefoelsmjittich. Fierder freget de FNP him ôf wat it nasjonale en provinsjale belied is by bou op kwetsber bûtengebied.

“Wy as FNP hawwe de beskerming fan greidfûgels heech”, seit wurdfierder Klaas Fokkinga, “en wy moatte ek earst sjen nei mooglikheden fan ynwreidzjen yn it wengebiet sels foardat in bûtengebiet oantaaste wurdt troch nijbou”. De FNP is fan betinken dat nijbou yn dit gebiet net moatte soe en freget oan Deputearre Steaten oft der noch in mooglikheid is om nijbou yn ‘de Warren’ noch te kearen.

Naar vorige bericht: Gaat de vlag uit bij jouw club of vereniging?
Naar volgende bericht: Oebele Brouwer nieuwe burgemeester Achtkarspelen

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale