Naar vorige bericht: Twee scholen uit Buitenpost genomineerd voor Onderwijsprijs
Naar volgende bericht: Bijeenkomst Dorpsvisie Gerkesklooster-Stroobos: inwoners denken enthousiast mee

Nije Tomke webside, nije Tomke App én in nij digitaal platfoarm

FRYSLÂN – Tomke hat in nije webside! Alle ynformaasje oer Tomke en ferhaaltsjes, spultsjes, ferskes en filmkes foar pjutten binne no te finen op dizze frisse, nije side.

Ek is der in hagelnije Tomke App, dêr’t bern op telefoan of tablet boartsje kinne mei Tomke en Romke. Derneist is der in ‘Tomketeek’, spesjaal foar professionals dy’t mei pjutten wurkje.  Op dit digitale platfoarm binne alle materialen fan Tomke en oar Frysk materiaal foar pjutten sammele.

Tomke webside

Alles wat jim fan Tomke witte wolle en noch folle mear is no te finen op de fernijde webside www.tomke.nl. Ynformaasje oer de achtergrûn en de dêrby belutsen organisaasjes bygelyks. Mar ek in oersjoch fan alle aktiviteiten en produkten fan it Tomke-projekt. Fierder is dêr fan alles te finen foar âlders en bern dy’t thús mei Tomke oan ‘e slach wolle: ynformaasje oer taalstimulearring, mar ek spultsjes, ferhaaltsjes, ferskes en kleurplaten foar pjutten.

Nije App

Neist de fernije webside hat Tomke ek in nije app! Yn de app kinst ferhaaltsjes lêze, spultsjes dwaan, meisjonge mei ferskes en Tomke-fimkes besjen. Download de Tomke-app – foar tablet en telefoan- fergees yn de App store of Google Play Store, en boartsje moai mei Tomke en Romke mei!

Tomketeek

Foar professionals dy’t wurkje mei jonge bern is der de Tomketeek. Op dit digitale platfoarm binne in hiel soad digitale Tomke- en oare Fryske materialen foar pjutten sammele. De materialen binne sortearre op tema en by alle tema’s is in ferskaat oan materialen te finen om te brûken yn de pjutte-opvang, lykas bygelyks ferhaaltsjes, ferskes, nifelwurkjes, fimkes, praatplaten, opsisferskes en boeketips. Op de nije webside www.tomke.nl stiet mear ynformaasje oer de Tomke teek ûnder it tabblêd ‘Tomke foar professionals’. In ynlochkoade kin fergees oanfrege wurde fia ynfo@tomke.nl.

 

Naar vorige bericht: Twee scholen uit Buitenpost genomineerd voor Onderwijsprijs
Naar volgende bericht: Bijeenkomst Dorpsvisie Gerkesklooster-Stroobos: inwoners denken enthousiast mee

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale