Naar vorige bericht: Ziekenhuis Nij Smellinghe opent haar deuren
Naar volgende bericht: Feestelijke Koningsmarkt bij De Kruidhof

Tomkes foarlêsfeest winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019

TWIZEL – It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019.

It winnende boek is útkaam yn 2016 ta neitins oan Auck Peanstra. Sy hat earder de Simke Kloostermanpriis yn 1998 wûn foar har boek Yn piama de dyk oer. De sjuery, besteande út Sytske Eringa, Geart Tigchelaar en Gerbrich van der Meer, is unanym yn syn oardiel.

It oanwizen fan dit boek as winner, is tagelyk in earbetoan oan alle Tomke-boeken dy’t it trijemanskip fan 1996 ôf skreaun en yllustrearre hat oar it Tomke-projekt, in inisjatyf fan it Platfoarm lêsbefoardering Fryslân, bedoeld foar bern fan twa oant fiif jier. Dêrmei kin de priis ek beskôge wurde as in oeuvrepriis foar de trije skeppers fan de earste oere.

De Simke Kloostermanpriis 2019, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5000 euro, sil op freed 17 maaie, de middeis om trije oere útrikt wurde troch de hjoeddeiske Dichter des Vaderlands, de Fryske Amsterdammer Tsead Bruinja, yn’e Petrustsjerke yn Twizel. Foar dizze trettjinde edysje fan de Simke Kloostermanpriis sil de orizjinele oarkonde makke wurde troch keunstner Lolkje van der Kooi út Marrum.

Naar vorige bericht: Ziekenhuis Nij Smellinghe opent haar deuren
Naar volgende bericht: Feestelijke Koningsmarkt bij De Kruidhof

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale