Naar vorige bericht: Praat en denk mee over respijtzorg voor mantelzorgers
Naar volgende bericht: THEBAGSTORE deelt paaseitjes uit!

Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan bistedokter praktyk “Tusken Diken en Feanen"

DROEGEHAM – Mei in moaie groep minsken fan fraksje en bestjoer fan de FNP Achtkarspelen gie it dit kear nei Droegeham. Oan de lândyk hat Frank Roest mei syn dochter Tjitske de bistedokter praktyk “Tusken diken en feanen”.

Yn de Foarljochting rûmte mei geweldich útsjoch troch de moaie glêzen foarpui, krigen de FNP ers in nijsgjirrige presintaasje troch Frank.

Frank studearre yn 1985 ôf en yn 1986 kaam hy yn Droegeham yn de praktyk mei de namme “Tusken diken” . Yn 1988 wurdt in nij pân oan de lytse wei yn Droegeham iepene.

Yn 2002 wie der in fúzje mei de praktyk yn Surhústerfean, doe waard ek de hjoeddeistige namme oannaam. Yn 2015 gie Frank mei dochter Tjitske yn maatskip. Yn 2019 hat Frank dus  In karriêre fan omtrint 35 jier.

It bedriuw hat 4.5 foltiid wurk bistedokters en 6 foltiid wurk para-veterinair bistedokter assistenten. De genêskundige en previntive soarch wurde op in goede en earlike wize foar minske en bist dien. De haadlokaasje is Droegeham mar ek binne der lytsere praktiken yn De Westereen en Surhústerfean.

Doe Frank begûn wie it oandiel selsskipbisten in 5 % / 10% fan de omset, tsjintwurdich is dat 50 %. In werklik prachtich ûnderkommen is der realisearre yn 2017. Enerzjyneutraal en werklik alles op it mêd fan soarch foar lânbou en selsskipbisten is der te finen en te krijen.

In foarljochtingsrûmte, in apoteek, in koelsel, kantoarromten, operaasjeromten, prachtige ûnderkommens foar de bisten dy behannele binne mar ek in weardige eutanasy-romte.

Nije saken en ûntwikkelingen dy’t harren oantsjinne hawwe, binne ûnder oare: in trimsalon, in assistintesprekoere, kursussen, begelieding en ûndersyk.

Achtkarspelen kin grutsk wêze mei sa’n heechweardige praktyk wêr je 24/7 telâne kinne.

Naar vorige bericht: Praat en denk mee over respijtzorg voor mantelzorgers
Naar volgende bericht: THEBAGSTORE deelt paaseitjes uit!

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale