SURHÚSTERFEAN – Nei oanlieding fan de moasje fan de FNP oer de gaswinning yn Surhústerfean fan maart 2018, is in delegaasje fan de FNP en de gemeente nei Den Haach west om oer it beswier te praten.
We ha der mear as in jier neat oer heard en dan as in tongerslach by heldere himel stiet der in parseberjocht yn de Ljouwerter krante dat it kolleezje fan Achtkarspelen it net nedich fynt om beswier tsjin de útspraak te meitsjen by de Ried fan Steat. De FNP fraksje Achtkarspelen hat grutte muoite mei dit beslút fan it kolleezje fan Achtkarspelen om net yn berop te gean by de Ried fan Steat oer de gaswinning yn Surhústerfean. De fraksje is hjir ferbaasd oer en tige teloarsteld. Ek fynt de fraksje it net sa súver dat earst de parse ynljocht is oer it kolleezje-beslút yn dizzen en pas dêrnei de ferskillende riedsfraksjes yn Achtkarspelen.
Wy as FNP fiele ús passearre troch it kolleezje, it hie it kolleezje te priizgjen west, as der earst oerlis mei de FNP west wie oer dit beslút. Dêr boppe op, koene we yn de krante lêze dat Smellingerlân mei noch 5 oare gemeenten in brânbrief nei de Minister stjoerd hat, oangeande de mooglike ierdbevingen yn ús omkriten , dêr stie Achtkarspelen net by. Dêrom hat de FNP fraksje Achtkarspelen ek de ûndersteane fragen stelt oan it kolleezje fan Achtkarspelen:
Is it kolleezje it mei ús iens dat de wize fan korrespondearjen net de haadpriis fertsjinnet?
Hat it kolleezje de brânbrief mei it fersyk om mei yn te tsjinjen ek krige fan Smellingerlân?
Sa ja wêrom is hjir dan net yn mei gong?
Of is it kolleezje yn al harren wiisheid fan miening dat dizze problematyk net fan tapassing is foar Achtkarspelen?