BUITENPOST – Sûnt in pear jier timmert de Fryske teater- groep HympHamp oan’e wei en docht dit mei in soad súkses. Harren kabaretfoarstelling “Dûbelportret” is in ferfolch op it programma “Op Portret”.
It selskip bestiet út de spilers Jelmar Hoekstra, hja is de iennige frou fan it selsskip, en Fokke Plantinga, Sy spylje alle
typkes yn de sènes en sjonge de ferskes tuskentroch. Paul Siemensma en Toby Zeldenrust tekenje foar de musyk op gitaar en akkordeon. Mei elkoar in bûnt selsskip yn in foarstelling dy’t rint as in trein. Fan in werkenbere sketch nei in gefoelich liet oer de lytse, deistige dingen fan it libben. Jelmar en Fokke litte in ferskaat oan typkes de revue passeare; de âlde beppe, it ANWB-stel Rudi en Tiny ûnderweis, Harm op syn “Papadag”, in útblust stel op houliks- terapy, de fersoarger yn de seniorenflat en noch folle mear.
Sneintemiddei 9 febrewaris 2020
Oanfang: 15.30 oere / The Point
Foarferkeap: 11,00 / Oan de seal:12.50
Ynfo: www.maskelynbuitenpost.nl / 0511 541444