Naar vorige bericht: FNP bracht bezoek aan Plaatselijk Belang Buitenpost
Naar volgende bericht: Dit voorjaar opnieuw mannenkookgroep in It Koartling

Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan Biddle BV

KOATSTERTILLE – In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen is koartlyn opwurkbesite west by Biddle BV yn Koatstertille. Dit is in sterk en wichtich bedriuw foar Koatstertille en dermei ek foar Achtkarspelen. 

Op dit stuit wurkje der sa’n 65 minsken, dus je kin sizze dat de wurkgelegenheid yn Achtkarspelen flink baat hat by dit bedriuw.Ek biede se staazjeplakken oan learlingen út it ûnderwiis. De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de algemien manager fan Biddle BV, dhr. Sjouke Land. Under it genot fan in bakje kofje fertelde dhr. Land entûsjast oer it bedriuw en hy makke derby gebrûk fan in digitale presentaasje. Hy fertelde oer de histoarje fan it bedriuw, de minsken, de wurklokaasjes en oer de produkten fan it bedriuw. Biddle makket foaral klimaatprodukten foar supermarkten, industrie, retail en oare bedriuwen. Fan klimaatbehearsking en klimaatskieding witte se alles by Biddle BV. Komplete klimaat-systemen meitsje se by Biddle  sa as bygelyks luchtgerdinen, luchtferwaarmers, cassette-units en ventilator-convectoren.  

Se leverje dizze produkten oan mear dan 25 lannen yn de wrâld. Ek lei dhr. Land it begrip  “Lean” út oan ús.  Troch middel fan “Lean Manufacturing” is it bedriuw de lêste jierren noch folle effisjenter wurken gong. De produksje-prosessen binne hjir troch ferbettere, der is mear omset en in protte oare saken by Biddle binne hjirtroch ferbettere.  De tefredenheid en belutsenens fan de wurknimmers by Biddle binne ek bot omheech gien. Biddle BV is in Ingels bedriuw fan oarsprong (it haadkantoor sit yn Ingelân), mar se sitte no ek al hast 60 jier yn Koatstertille.     

Biddle BV sit midden yn it doarp Koatstertille en se sitte hjir mei in protte nocht. De ynwenners fan Koatstertille binne went oan dit bedriuw seit dhr. Land. Biddle BV wurket dêrom oan goede kontakten mei de buert en it doarp. Tagelyk hat men goede kontakten mei de gemeente. It bedriuw wurdt ek hiel goed skjinhâlden troch de wurknimmers, sa wurket it makliker en is alles  better te oersjen. De wurknimmers binne grutsk op harren bedriuw. Nei de kofje liede dhr. Land de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch it bedriuw en fertelde hy oer de wurking fan it bedriuw. De FNP’ers betanken dhr. Land dêrnei mei in fleske wyn foar de moaie en nijsgjirrige wurkbesite.

Naar vorige bericht: FNP bracht bezoek aan Plaatselijk Belang Buitenpost
Naar volgende bericht: Dit voorjaar opnieuw mannenkookgroep in It Koartling

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale