BURGUM – Wethâlder Houkje Rijpstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat op tiisdei 31 maaie de Kultuerpriis 2015 útrikt oan breidkafé ‘De Steek’.
De oare nominearren wienen skriuwer Nyk de Vries út Amsterdam (foarhinne Noardburgum); Stichting Dam Jaarsma út Eastermar; Brassband De Bazuin út Oentsjerk en Folk yn ‘e Wâlden út Gytsjerk. De winner fan de Kultuerpriis 2015 hat in sjek krige fan € 950 en in replika fan it keunstwurk ‘De omrin fan it wetter’ fan Frans Ram.
Utstrieling bûten gemeente-, provinsje- en lânsgrinzen
De sjuery wie ynearsten ûnder de yndruk fan it artistike gehalte fan de produkten fan it breidkafé ‘De Steek’. Ek is it breidkafé in iepen organisaasje, dêr ’t sa’n 35 leden elkoar stimulearje ta heechsteande resultaten. ‘De Steek’ hat ek in edukative taak op him naam. Troch breidles te jaan op it Friesland College yn Ljouwert kinne takomstige learkrêften de keunst en it ambacht fan it breidzjen trochjaan oan bern op de basisskoallen. Dêrneist wurde ek ynsidinteel op de basisskoallen sels breidlessen jûn.
Fan de iene kant leveret ‘De Steek’ autonoom wurk. Dat is sa no en dan te bewonderjen is tidens eksposysjes yn ‘e tún fan ien fan de leden. Oan de oare kant makket de groep ek wurk foar toanielselskippen lykas Tryater; it Fries Museum en stiftingen ûnder oaren yn Sint Petersburg en Roemenië. Dêrmei hat de groep ek útstrieling bûten gemeente -, provinsje en de lânsgrinzen.
Ta beslút de fraach hokker kultuerutering it breidzjen no einliks is: keunst, design of bygelyks moade? Op it breidkafé is feitlik alles fan tapassing én mear. Oare stekwurden dy ’t neffens de sjuery brûkt wurde kinne, binne: mienskip, histoarje, edukaasje, stânfêstens en profesjonaliteit
Kultuerpriis Tytsjerksteradiel
De Kultuerpriis Tytsjerksteradiel wurdt om it jier útrikt en beskikber steld troch de gemeente. De Kultuerpriis is foar dyjinge dy’t in oansprekkend wurk op it mêd fan kultuer levere hat. Dat kin op ferskaat mêd, lykas byldzjende keunst, literatuer, Frysk, ensafuorthinne. De sjuery, besteande út mefrou Marian Hulshof (byldzjend keunstner), mefrou Paula Voorthuijsen (bestjoerslid St. Karakteristyk Tytsjerksteradiel) en de hear Eric Sinnema (útfiner), hat de winner keazen út 5 nominearren.