BURGUM – Freark Smink en Joop Wittermans steane woansdei 6 april om 20.00 oere mei ‘Feteranen’ yn de Pleats yn Burgum.
Twa âlde feteranen ha altyd fochten foar de frijheid fan Fryslân. Tsjin wat of wa’t dy ek mar bedrige. En as it moat dogge sy dat sa wer! De ien wol noch altyd net foar de oar ûnderdwaan. Mei unifoarmen fol medaljes binne sy betinking nei betinking presint. Hoe lang noch?
De twa Fryske aktearkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spylje de beide feteranen yn dizze foarstelling dêr’t hilariteit en brekberheid, en herkenberheid en oerdriuwing elkoar ôfwikselje. Bouke Oldenhof skreau de tekst, Jos Thie naam de regy op him.
Reservearje: www.cultuurindepleats.nl of tel: 0511-461556.