Naar vorige bericht: Peter van den Broek nieuw lid raad van toezicht
Naar volgende bericht: VV Buitenpost niet opgewassen tegen ACV

FNP draacht Tytsy Willemsma foar as kandidaat-wethâlder foar Tytsjerksteradiel

BURGUM – De FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel draacht Tytsy Willemsma foar as kandidaat-wethâlder foar it kolleezje.

Fraksjefoarsitter Piet Reitsma is tige optein oer de foardracht: “Mei Tytsy krije wy in bestjoerder yn ús fermidden mei in grut netwurk en in protte ûnderfining yn it iepenbier bestjoer”. Tytsy Willemsma is de beëage opfolger fan Rommert Dijk dy’t op 1 febrewaris syn funksje dellein hat.

Willemsma wurket sûnt sân jier as adviseur public affairs yn Brussel foar it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân en hat dêrfoar seis jier wethâlder yn de eardere gemeente Dongeradiel west. Sy fynt it in eare om troch de FNP foardroegen te wurden as wethâlder: “Ik ha der in protte nocht oan om foar Tytsjerksteradiel oan de slach te gean.” Tytsy Willemsma is 47 jier en wennet yn Boarnwert.

Op 14 febrewaris ynstallearret de gemeenteried de ‘commissie onderzoek geloofsbrieven’ foar de beneaming fan de nije wethâlder. Nei alle gedachten fynt it ynswarren plak yn de riedsgearkomste fan 28 febrewaris.

Naar vorige bericht: Peter van den Broek nieuw lid raad van toezicht
Naar volgende bericht: VV Buitenpost niet opgewassen tegen ACV

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale