Naar vorige bericht: De Pleats introduceert bijzondere jubileumthee: Samen Thee
Naar volgende bericht: Wandelaars gezocht voor gezond wandelen

FNP: fergees belje nei ‘Jobinder’ 

REGIO – De FNP is fan miening dat it foar de klanten fan ‘Jobinder’ fergees wêze moat om dêr hinne te beljen. Dat sil de FNP nei foaren bringe yn de Steategearkomste fan 21 febrewaris. No betelje minsken noch € 0,05 it petear, de FNP wol dat it foar dizze groep klanten hielendal fergees wurdt.

Neffens de FNP is de maatregel hiel goed te rjochtfeardigjen: “It giet hjir om in kwetsbere doelgroep. Faak binne it minsken mei in beheining, binne se minder mobyl, hawwe se soarch nedich en kinne se harren allinnich net rêde. Yn in protte gefallen binne it al minsken dy’t it net sa breed hawwe en dan is elke euro meinommen”, neffens wurdfierder Sybren Posthumus.

De FNP tinkt dat der foldwaande finansjele romte is om de kosten fan it beljen ôf te skaffen. Yn de oanbesteging siet in foardiel fan € 316.000 ten opsichte fan de eardere begrutting. De kosten foar it Mobiliteitsburo sille troch it útstel fan de FNP mar € 1000 heger wurde.

Ommers, op grûn fan 400 telefoantsjes yn de wike foar € 0,05 it petear (en 20.000 op jierbasis) binne dat de jierlikse kosten. Oer de 8 gemeenten en de provinsje ferdield (as dielnimmende partijen oan it mobiliteitsburo) is dat mar € 100 de dielnimmer. “It giet net om in grut bedrach, mar it sinjaal is hiel wichtich”, neffens Posthumus fan de FNP.

Naar vorige bericht: De Pleats introduceert bijzondere jubileumthee: Samen Thee
Naar volgende bericht: Wandelaars gezocht voor gezond wandelen

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale