Naar vorige bericht: Grote Braderie in centrum Drachten
Naar volgende bericht: Blijdschap bij opening natuurfestival Vier De Alde Feanen

Froulju fan Fryslân: Eastermarder en Surhústerfeanster ferivige yn stânbyld

EASTERMAR / SURHUSTERFEAN – Foar it nije programma ‘Froulju fan Fryslân’ socht Omrop Fryslân bysûndere Fryske superfroulju om in brûnzen boarstbyld fan te meitsjen. De seis superfroulju binne bekend en wurde folge yn it proses nei ûntbleating fan de bylden ta. 

Ut alle 200 ynstjoeringen binne Jildou Valk (Eastermar), Mirthe van der Veen (Surhústerfean), Gea Smits (Frentsjer), Froukje Hofma (It Hearrenfean), Anke Bruin (Flylân) en Tytsje Porte (Stiens) keazen.

De Friezinnen binne soarchfâldich útkeazen en se fertsjintwurdigje in wjerspegeling fan de mienskip. Der rekken holden is mei leeftiid, sprieding oer Fryslân en ferskate thema’s: kultuer, soarch, sport, oplieding, natuer en miljeu, mem-wêzen en karriêre. Alle froulju binne beskieden en hawwe in passy en fyzje foar it gruttere gehiel. Fan it hjerst is de telefyzjerige Froulju fan Fryslân te sjen by Omrop Fryslân. Yn de searje draait it om wat de keazen froulju sa bysûnder makket. De bylden sille in plak krije yn Ljouwert.

Jildou Valk, 17 jier, Eastermar

Jildou folget in technyske oplieding oan ROC Friese Poort yn Drachten. Se fynt it wichtich dat famkes kieze foar technyk, dêrom jout se faak foarljochting op skoalle. Ek sit Jildou yn it Sinnergy Solar Team fan har skoalle en docht mei oan Solar-boot races. Se is nominearre troch har heit en mem: “Dizze jonge frou sit yn de technyk. Se folget de oplieding Werktuigbouwkunde en wol it foartou nimme om mear froulju yn de technyk te belûken! De technyk is ek foar froulju en net allinnich mar foar manlju en dat is Jildou har motto!”

Mirte van der Veen, 28 jier, Surhústerfean

Bysûndere freondinne en berneferpleechkundige is nominearre troch Jolanda de Vries. Jolanda hat in soan mei in beheining. Mirte komt alle dagen efkes del en helpt Jolanda as allinnichsteande mem mei it soarchdossier. Dêrneist is se foar soan Thijmen de bêste freondinne,  neist syn mem dejinge dy’t him it bêste begrypt. “Se is gewoan in topperke. De grutste freondinne fan myn beheinde soan Thijmen. Hy is alle kearen sa bliid as er har sjocht. Fansels is se ek myn freondinne, hat se in lústerjend ear en se stiet altyd foar ús klear! Derby is se ek in hiel leave berneferpleechkundige yn it MCL. Jout se training oan de jeugd fan DTS en noch safolle mear: in frou dy’t libbet út har hert wei.”

Naar vorige bericht: Grote Braderie in centrum Drachten
Naar volgende bericht: Blijdschap bij opening natuurfestival Vier De Alde Feanen

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale