BUTENPOST – It moast hast sechtich jier duorje nei de Fryske nammejouwing fan de earste trije buorskippen fan Achtkarspelen dat de oare tsien dizze ear ek krigen.
Yn de riedsgearkomste fan 23 juny 1958 waarden de nammen fan de buorskippen Reaskuorre, Blauwforlaet en Reahel offisjeel yn it Frysk fêststeld.
De hjoeddeistige situaasje is sa dat de oare buorskippen noch dûbeltalich op ’e kûmbuorden stean. Nei in lange striid – mei nammen troch de FNP en de Wurkgroep Frysk fan Achtkarspelen – hat de folsleine ried fan Achtkarspelen op tongersdei 15 septimber ‘ja’ sein op Frysktalige buorden.
Yn 2021 moatte de buorden allegearre ientalich Frysk wêze. De nammen fan de buorskippen binne dan krekt sa as sy yn de ‘folksmond’ neamd wurde: Reaskuorre, Blauwforlaet, Reahel, Lytsepost, De Lêste Stuver, Bouwekleaster, Hamsherne, De Koaten, Opperkoaten, Ophûs, Surhuzumer Mieden, Koartwâld en Kûkherne.
Foto: © Wikimedia Commons