Naar vorige bericht: EHBO-diploma voor leerlingen CBS de Lichtbron
Naar volgende bericht: 100e deelnemer voor werkgelegenheidsplan Philips

Nij beliedsplan Afûk: Ferbine en diele

FRYSLÂN – Nei elk ûndersyk oer it brûken fan it Frysk lôget de diskusje wer op oer de fraach oft it wol goed komt mei de Fryske taal. De Afûk is yn 1928 oprjochte mei as wichtichste doel om de posysje fan it Frysk te ferbetterjen, benammen troch goed ûnderwiis.

Hjoed-de-dei binne de rjochten om it Frysk te brûken ferankere yn it Europeesk Hânfêst, de Taalwet en ûnderwiiswetten. Wetten en regels soargje derfoar dat it Frysk – as twadde rykstaal – oeral brûkt wurde mei, mar it is oan de minsken sels om dat ek te dwaan.

De Afûk wol mei hiel konkrete produkten en aktiviteiten it brûken fan it Frysk stypje. Dy middels binne rynsk en rjochte op in protte doelgroepen, lykas it Taalkado foar nije bern, heit&mem foar âlders fan jonge bern, Tomke foar pjutten.

De PraatmarFrysk-kampanje, dêr’t bekende Friezen en bedriuwen mei sjen litte wêrom’t sy it brûken fan de Fryske taal wichtich fine, spilet in grutte rol. Der is de lêste jierren hiel hurd wurke oan nij digitaal lesmateriaal: Spoar 8 foar it primêr en Searje 36 foar it fuortset ûnderwiis. Der is in nij learlingfolchsysteem Grip, wêrmei’t bern op harren eigen nivo goed ûnderwiis krije kinne. Der binne Fryske apps en games makke en der wurde moaie (berne)boeken útjûn.

“By de Afûk wurdt alle dagen hurd wurke oan ús missy om it Frysk ticht by de minsken te bringen. Yn ús nij beliedsplan – mei as motto ‘Ferbine en diele’ – wolle wy sjen litte wat wy de kommende jierren noch mear fan doel binne om te dwaan.

Wy dogge dat oan ‘e hân fan trije spearpunten: taalpromoasje, taal- en kultueroerdracht, dy’t alle trije like wichtich binne. It meast yn it each springende projekt is ‘Lân fan Taal’, it grutte temapark oer taal, meartaligens en de Fryske taal yn it sintrum fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd 2018, njoggentich jier nei de oprjochting fan de Afûk. Wy nûgje elkenien út om mei ús yn petear te gean oer de nije plannen.”

Mear ynformaasje: www.afuk.frl

Naar vorige bericht: EHBO-diploma voor leerlingen CBS de Lichtbron
Naar volgende bericht: 100e deelnemer voor werkgelegenheidsplan Philips

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale