Naar vorige bericht: Twee dagen Oktoberfest in Kollum
Naar volgende bericht: Speciale muziekeditie ‘Hap & Stap’ event Foodwalk Buitenpost-Kollum

Pjutte-opfang ‘Lyts Grut’ yn Garyp behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

GARYP – Op tongersdei 20 septimber is it feest op pjutte-opfang ‘Lyts Grut’ yn Garyp.

De lokaasje fan organisaasje Kinderwoud Kinderopvang wurket sûnt jannewaris 2016 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en sille dat fiere mei de bern en de âlden.

Wethâlder fan Tytsjerksteradiel Rommert Dijk sil it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan pedagogysk meiwurkster Anna-Wil de Vries oerlangje. Hy sil de bern ek in Tomkeferhaal oer Lyts Grut foarlêze, skreaun troch Riemkje Pitstra. Oanslutend is der foar de bern in poppekas foarstelling fan Tomke.

Lyts Grut en twatalichheid

Pjutte-opfang Lyts Grut falt ûnder Kinderwoud Kinderopvang. Dy organisaasje biedt ûnder oaren pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân. Tritich fan har lokaasjes wurkje mei in twatalich belied en dêrfan binne tal fan lokaasjes sertifisearre.

Lyts Grut is sûnt septimber fêstige yn cbs De Wrâldpoarte. It twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: Anna-Wil praat konsekwint Frysk mei elkenien. By elk tema siket Anna-Wil twa Fryske en 2 Nederlânske boekjes en der wurde yn beide talen passende ferskes bysocht. Anna-Wil wurket ek mei praatpop Puk, dy praat Nederlânsk. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Lyts Grut west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘Puk en Tomke sitte tegearre op ‘e stoel yn de kring. Tomke giet troch de kring en begroetet de bern mei “Goeiemoarn” en praat dan ek efkes mei elkenien. De bern ferstopje harren earst efter harren hantsjes mar krûpe dernei allegearre efkes mei Tomke.

As Puk letter yn ‘e rûnte op besite is, praat Anna-Wil Nederlânsk.’ Oer it pedagogysk taalklimaat skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘Yn de rûnte nimt Anna-Wil de tiid om te harkjen nei de bern en giet der dan op yn mei fragen en opmerkingen. Sa begjint in famke oer har moaie sandalen. De liedsters freget wie noch mear sandalen oan hat en sa komme der ferskate soarten foarby: slippers, sneakers, fiterskuon, klitterbân ensf.’

By it sertifisearringstrajekt krijt Lyts Grut begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Naar vorige bericht: Twee dagen Oktoberfest in Kollum
Naar volgende bericht: Speciale muziekeditie ‘Hap & Stap’ event Foodwalk Buitenpost-Kollum

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale