SURHUSTERFEAN – Op tiisdei-jûn 12 desimber kamen de leden fan FNP Achtkarspelen byelkoar foar hun ledegearkomste yn seal De Lantearne yn Surhústerfean.
Yn in grôtfolle seal mei mear as 80 leden ha se te set west oer it nije ferkiezingsprogram en de kandidatenlist foar de kommende 4 jier. Sjoerd Groenhof as foarsitter fan de programkommisje presentearre it nije FNP program “Ticht by de minsken” en de wize wêrop foel by de leden fan FNP Achtkarspelen tige goed yn de smaak. It nije FNP program waar troch de seal dan ek unanym goedkart.
Nei it skoft kamen de earste 10 FNP kandidaten foar de nije riedsperiode nei foaren ta om sich te presentearjen oan de leden. Hjirnei waard stimt oer de kandidatenlist. Nei de stimming is troch de mearderheid fan de leden Tjibbe Brinkman keazen as de nr. 1 en as listlûker foar de kommende riedsferkiezingen. Tjibbe Brinkman is 39 jier âld, komt út Twizel en is op dit stuit ek riedslid.
Nij op de list twa jonge aspirant-politici Jellie Hamstra en Jelmer Bloembergen. De folgjende kandidaten op de list binne nei stimming wurden:
Nr. 2: Yde van Kammen út De Harkema
Nr. 3: Sake v/d Meer út Koatstertille
Nr. 4. Maaike Dotinga út Bûtenpost
Nr. 5: Rein v/d Wal út Surhústerfean
Nr. 6: Wietske Poelman út Gerkeskleaster/Strobos
Nr. 7: Jellie Hamstra út Droegeham
Nr. 8: Wopke Veenstra út Boelensloane
Nr. 9: Marianne v/d Heide út Stynsgea
Nr. 10: Jelmer Bloembergen út Koatstertille
Hjoeddeisk FNP fraksjelieder Sjoerd Groenhof en earder FNP wethâlder Marten v/d Veen wurde listtriuwers. Op dit stuit is de FNP mei 6 riedsitten de grutste polityke partij yn de ried fan de gemeente Achtkarspelen.