Naar vorige bericht: Twijzelerheide verspreidt eerste tassen ‘Glas in het bakkie!’
Naar volgende bericht: Workshop Opruimen & Ontspullen

Toanielferiening It Nije Doarp spilet dit jier in skitterjende klucht

MUNEIN – Toanielferiening It Nije Doarp út Mûnein spilet op freed 2 en sneon 3 maart wer in skitterjende klucht! Sûnt septimber is de toanielploech drok oan it oefenjen foar it stik ‘It lit de pastoar kâld’ fan Edward Bastiaansen, oerset yn it Frysk troch Abele Krist.

En dat it in klucht is, dat is wol dúdlik. Allerhande betizingen soargje foar in jûn fol wille. De parochy fan Mûnein sit yn jildpine! It fuortbestean fan de parochy giet de pastoar tige oan it hert en dêrom hat hy de biskop en susterparochy Bouli-Bouli om stipe frege. Lykwols is de help dy’t de pastoar krijt dochs net hielendal wat hy der fan ferwachte hie. De biskop stjoert syn sekretaresse om it fersyk om stipe te beoardieljen en Bouli-Bouli stjoert Mayamba mei in sek fol jild.

Slagget it de pastoar en syn gefolch om de sekretaresse te oertsjûgjen fan de needsaak fan it behâld fan de parochy fan Mûnein? Der wurde allegear frjemde fiten úthelle om dit foar inoar te krijen, mar slagget dit ek. Beneid hoe’t dit ôfrint?

Kom dan allegearre op freed 2 as sneon 3 maart om 20:00 oere nei Kafee ’t Mounehoekje yn Mûnein. De seal giet om 19:00 oere iepen, kaartferkeap is oan de doar. Sneontejûn is der nei ôfrin muzyk fan Michiel en Pieter Veenstra.

Naar vorige bericht: Twijzelerheide verspreidt eerste tassen ‘Glas in het bakkie!’
Naar volgende bericht: Workshop Opruimen & Ontspullen

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale