REGIO -Ein desimber 2016 ferskynde by útjouwerij Afûk Jip en Janneke foar it earst yn it Frysk yn in oplage fan 1.000 stiks. Dat wie sa’n oerweldigjend sukses dat al nei in wike besletten waard om in werprintinge te meitsjen fan 2.000 stiks.
Dy twadde printinge is ûnderwilens ek al wer skjin op. Utjouwer Ernst Bruinsma: ‘Wy hawwe sjoen de konstante belangstelling foar dit klassike berneboek op ′e nij in grutte oplage printsje litten. Dêrmei komme wy op 5.000 ferskynde eksimplaren fan de Fryske Jip en Janneke. Foar in Frysk boek is dat fansels in geweldich grut sukses.’
Yn de Fryske Jip en Janneke binne alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes byinoar brocht. Fan ‘Jip en Janneke boartsje tegearre’ oant ‘Dach Jip, dach Janneke!’. De yllustraasjes fan Fiep Westendorp binne yn swart-wyt én yn kleur.