Naar vorige bericht: De Kruidhof opent een ‘bij’zonder seizoen
Naar volgende bericht: Facebook-actie met Albert & Aukje Keurslager Surhuisterveen

Tryater spilet “Heimwee nei Hurdegaryp”

Heimwee nei Hurdegaryp is wer werom! Nei suksesfolle foarstellingen op Oerol en yn it eigen gebou, reizget Tryater no mei it stik troch Fryslân. De rook fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, it geloksgefoel fan sleatsjespringe, beltsjedrukke, in ferske fan BZN: Hoe is it om de ferlerne tiid op ‘e nij mei te meitsjen? Om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn de tiid fan doe.

Heimwee nei Hurdegaryp hellet in ferline út inoar dat inkeld noch mar bestiet as in tizeboel fan tinzen. Twa akteurs sette alle sintugen iepen, litte alle wissichheid los en ferkenne de úteinen fan har bewustwêzen. Mar binne oantinkens eins wol betrouber? Hoe wie it ‘echt’? In nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel, dêr’t werklikheid, oantinken, dream en yllúzje yn trochelkoar rinne.

Regy en konsept Tatiana Pratley, spul Lourens van den Akker en Eelco Venema, foarmjouwing Janne Sterke en muzyk Laurens van der Meulen.

Woansdeitejûn 23 maart 2016
Oanfang: 20.00 oere, lokaasje: sealesintrum The Point
Kaartferkeap: € 14,00, freonen: € 12,50 en CKV/CJP: € 10,00
Ynfo: www.maskelynbuitenpost.nl of tel: 0511 541444

 

Naar vorige bericht: De Kruidhof opent een ‘bij’zonder seizoen
Naar volgende bericht: Facebook-actie met Albert & Aukje Keurslager Surhuisterveen

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale