Naar vorige bericht: Debat Voedselverspilling
Naar volgende bericht: Tomke hat positive ynfloed op gebrûk fan it Frysk

Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan berneopfang TIKO Bûtenpost

BÛTENPOST – In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen hat moandei 12 maart op wurkbesite west by berne-opfang TIKO yn Bûtenpost.

TIKO is de grutste organisaasje yn Achtkarspelen dy’t har dwaande hâldt mei alle foarmen fan berne-opfang. Hja binne net allinnich yn Achtkarspelen aktyf, mar ek bygelyks yn Kollumerlân en Ferwerderadiel. TIKO betsjut: Thuis In Kinder-Opvang. Der wurkje sa’n 120 minsken by TIKO, wêrfan 75 út Achtkarspelen. Dus ek de wurkgelegenheid yn Achtkarspelen profitearret flink fan dizze organisaasje.

De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de algemien direkteur fan TIKO de hear André de Jong en troch haad pjutterboartersplak mefrou Annette de Haan. André de Jong en Annette de Haan fersoarchden dernei in moaie rûnlieding troch it gebou yn Bûtenpost en fertelden alfêst it nedige oer de berne-opfang.

Under it genot fan in bakje kofje mei gebak waart de delegaasje fan de FNP dernei fierder bypraat mei help fan in power-point presintaasje. TIKO hat al mear as 25 jier ûnderfining op it mêd fan profesjonele berneopfang. Hja biede in fertroud plak oan de bern op harren bernesintra of by gastâlders.

It doel fan TIKO is: de bern fan Achtkarspelen genôch ûntwikkelingskânsen en wille te bieden. De basis hjirfoar is dat bern harren thús (feilich en fertroud) fiele by de ferskate opfangmooglikheden fan TIKO.

TIKO biedt de folgjende opfangmooglikheden foar bern oan:

Berne-deiferbliuwen (0-4 jier)
Pjutteboartersplakken (2-4 jier)
Bûtenskoalse opfang (4-12 jier) en
Gastâlders (0-12 jier)

TIKO hat gruttere berneopfang fêstigingen yn: Bûtenpost, Surhústerfean en Harkema. Fierder sit TIKO ek mei pjutteboartersplakken yn Droegeham, Koatstertille, Twizel, Twizelerheide, Stynsgea en Gerkeskleaster. Der binne dus ferskate mooglikheden foar âlders fan Achtkarspelen om foar harren bern in plak te finen by TIKO. Alle meiwurkers fan TIKO binne goed oplied en hawwe de nedige diploma’s.

TIKO hat in goed oerlis en kontakt mei al it oare ûnderwiis yn Achtkarspelen en alle fierdere organisaasjes dy’t harren dwaande hâlde mei de bern. Ek is fansels goed kontakt mei de gemeente wichtich en mei de âlders fan de bern. Oan it ein fan de wurkbesite betanken de FNP-ers de hear André de Jong en mefrou Annette de Haan foar de gastfrije ûntfangst en alle ynformaasje. It wie in tige slagge wurkbesite.

Naar vorige bericht: Debat Voedselverspilling
Naar volgende bericht: Tomke hat positive ynfloed op gebrûk fan it Frysk

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale