Naar vorige bericht: Tytsjerksteradiel is goed leefbaar voor de bij
Naar volgende bericht: Flinke cheque voor Stichting Vrienden van Zorgboerderij de Witrik Twijzelerheide

Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan bestjoer fan H. en I. Surhústerfean

SURHÚSTERFEAN – In grutte delegaasje fan fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen is moandei 26 febrewaris yn petear west mei it bestjoer fan Hannel en Yndustry (H. en I.) út Surhústerfean. De FNP hie H. en I. Surhûsterfean útnoege foar in goed gesprek en dizze moeting fûn pleats yn horecasaak ‘It Stee’ foar iters en drinkers.

Under it genot fan in bakje kofje waar it H. en I. bestjoer wolkom hjitten troch Rein v/d Wal nammens de FNP. Hy sei dat de FNP Achtkarspelen graach witte wol wat der libbet yn de doarpen en dat Surhústerfean in wichtich doarp is foar de FNP. Hy joech doe it wurd oan de foarsitter fan H. en I. de hear Ale Procee om wat te fertellen oer it wurk fan H. en I. en oer harren plannen en winsken foar Surhústerfean.

Ale Procee fertelde dat hy grutsk op syn doarp is. Surhústerfean is in regiokern mei in grut winkel sintrum, wêr’t in hiel protte minsken mei nocht komme te winkeljen. As we dit fest hâlde wolle, dan sil der wol wat barre moatte. Dan sil it winkelsintrum de kommende jierren in facelift hawwe moatte. In rekonstruksje fan it sintrum is seker noadich foar de útstraling fan it doarp.

Ek moat de gemeente Achtkarspelen derom tinke, dat der genoch yndustrie-terrein yn Surhústerfean foarriedich is. In 2e ôfslach fan it yndustrieterrein nei de Skieding ta, soe bygelyks ek in goede saak wêze. In oar punt wat oan de oarder kaam is dat Surhústerfean dringend ferlet hat fan wentebou. Nije hûzen foar de âlderein, mar ek foar de jongerein. Oars gean oare regiokernen ús foarby. In protte minsken wolle wenjen yn Surhústerfean, mar kinne op dit stuit gjin hûs yn Surhústerfean keapje of hiere. Dit moat echt oars !

Surhústerfean hat der gjin ferlet fan om in krimpregio te wurden. Dus der moat bouwd wurde! Der ûntsie in libbendige diskusje tusken bestjoer H. en I. en de delegaasje fan FNP oer al dizze saken. Beide partijen wienen it mei inoar iens dat Surhústerfean de kommende jierren seker ekstra oandacht fertsjinnet om har wichtige rol as regiokern te behâlden. Dêrom is in goed ûnderling kontakt nedich tusken Surhústerfean en de polityk fan Achtkarspelen.

De FNP’ers betanken oan it ein fan it gesprek, it bestjoer fan H. en I. foar dizze diskusje byienkomst en hun tiid plus ynset foar Surhústerfean.

 

Naar vorige bericht: Tytsjerksteradiel is goed leefbaar voor de bij
Naar volgende bericht: Flinke cheque voor Stichting Vrienden van Zorgboerderij de Witrik Twijzelerheide

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale