KOATSTERTILLE – In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen is koartlyn opwurkbesite west by Biddle BV yn Koatstertille. Dit is in sterk en wichtich bedriuw foar Koatstertille en dermei ek foar Achtkarspelen.
Op dit stuit wurkje der sa’n 65 minsken, dus je kin sizze dat de wurkgelegenheid yn Achtkarspelen flink baat hat by dit bedriuw.Ek biede se staazjeplakken oan learlingen út it ûnderwiis. De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de algemien manager fan Biddle BV, dhr. Sjouke Land. Under it genot fan in bakje kofje fertelde dhr. Land entûsjast oer it bedriuw en hy makke derby gebrûk fan in digitale presentaasje. Hy fertelde oer de histoarje fan it bedriuw, de minsken, de wurklokaasjes en oer de produkten fan it bedriuw. Biddle makket foaral klimaatprodukten foar supermarkten, industrie, retail en oare bedriuwen. Fan klimaatbehearsking en klimaatskieding witte se alles by Biddle BV. Komplete klimaat-systemen meitsje se by Biddle sa as bygelyks luchtgerdinen, luchtferwaarmers, cassette-units en ventilator-convectoren.
Se leverje dizze produkten oan mear dan 25 lannen yn de wrâld. Ek lei dhr. Land it begrip “Lean” út oan ús. Troch middel fan “Lean Manufacturing” is it bedriuw de lêste jierren noch folle effisjenter wurken gong. De produksje-prosessen binne hjir troch ferbettere, der is mear omset en in protte oare saken by Biddle binne hjirtroch ferbettere. De tefredenheid en belutsenens fan de wurknimmers by Biddle binne ek bot omheech gien. Biddle BV is in Ingels bedriuw fan oarsprong (it haadkantoor sit yn Ingelân), mar se sitte no ek al hast 60 jier yn Koatstertille.
Biddle BV sit midden yn it doarp Koatstertille en se sitte hjir mei in protte nocht. De ynwenners fan Koatstertille binne went oan dit bedriuw seit dhr. Land. Biddle BV wurket dêrom oan goede kontakten mei de buert en it doarp. Tagelyk hat men goede kontakten mei de gemeente. It bedriuw wurdt ek hiel goed skjinhâlden troch de wurknimmers, sa wurket it makliker en is alles better te oersjen. De wurknimmers binne grutsk op harren bedriuw. Nei de kofje liede dhr. Land de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch it bedriuw en fertelde hy oer de wurking fan it bedriuw. De FNP’ers betanken dhr. Land dêrnei mei in fleske wyn foar de moaie en nijsgjirrige wurkbesite.