Naar vorige bericht: CBS De Arke bakt pannenkoeken in Berchhiem
Naar volgende bericht: Week van de mantelzorg: vraag om hulp

Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan Bijkon yn De Harkema

HARKEMA – In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen hat koartlyn op wurkbesite west by Bijkon stiel-en systeembou b.v. yn De Harkema.

De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de algemien direkteur fan Bijkon  dhr. Wiep v/d Bij. Under it genot fan in bakje kofje fertelde dhr. Wiep v/d Bij entûsjast oer de aktiviteiten fan syn bedriuw en hoe alles ûntstien is.

Bijkon is in wichtich bedriuw foar De Harkema en dermei ek foar Achtkarspelen. Bijkon is troch de heit fan dhr. Wiep v/d Bij yn de winter fan 1962/1963 oprjochte. It begûn as in lyts bedriuw yn it doarp Harkema sels. It bedriuw groeide nei in oan oantal jierren út syn jaske en yn 1979 binne se dêrom ferhuze nei de hjoeddeistige lokaasje oan de Nijewei yn De Harkema oan de râne fan it doarp.

Bijkon is in spesjalisearre bedriuw, harren haad-aktiviteiten binne stielkonstruksjes en dak-en gevelbeplating. Se leverje produkten oan en meitsje stielkonstruksjes yn hiel it lân. Se steane goed yn de stielkonstruksje merke bekend. Se dogge foaral in protte projekten yn it westen fan ús lân. De order-portefeuille is goed in oarder, op it stuit is der in protte wurk. De takomst sjocht der dus best wol goed út.

It bedriuw makket heechweardige produkten en se moatte oan in flink oantal easken foldwaan. It bedriuw is dêrom ek CE   sertifisearre. Op dit stuit wurkje der sa’n 40 minsken (plus dêrneist ek noch wol ynhier-krêften). Ek is Bijkon in ûnderwiis-leerbedriuw en ha se regelmjittich staazjerinners. Je kin dus sizze dat  de wurkgelegenheid yn De Harkema flink baat hat by dit bedriuw.

De measte minsken dy by Bijkon wurkje komme ek út Achtkarspelen wei of oare dielen fan Fryslân. It MKB is tige wichtich foar Nederlân seit dhr. Wiep v/d Bij. Dêr moatte de oerheid, provinsje, gemeenten en de mienskip wiis mei wêze. Bijkon sit oan de râne fan it doarp Harkema en se koene einliks noch wol wat ekstra romte brûke kinne om it bedriuw noch wat fierder groeie te litten.

Ek de duorsumheid fine se wichtich by Bijkon, se dogge oan ôffalskieding en foar de enerzyy-besparring binne der plannen foar sinnepanielen. It bedriuw hat goede kontakten mei it doarp en de mienskip fan Achtkarspelen.

Nei de kofje liede dhr. Wiep v/d Bij de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch it bedriuw, kantoar en loadsen. It wie tige nijsgjirrig om te sjen wat der allegearre barde yn it bedriuw. Oan it ein betanken de FNP’ers  dhr. Wiep v/d Bij foar syn útlis en rûnlieding.

 

Naar vorige bericht: CBS De Arke bakt pannenkoeken in Berchhiem
Naar volgende bericht: Week van de mantelzorg: vraag om hulp

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale