Naar vorige bericht: In je Uppie: themagesprek over spijt in Surhuisterveen
Naar volgende bericht: Gezellig drukke bingoavond in Glinstra State

Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan Dalstra reizen

SURHÚSTERFEAN – In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen is moandei 11 febrewaris op wurkbesite west by de fa. Dalstra Reizen yn Surhústerfean.

We waarden ûntfongen troch de direkteur Johan Dalstra. By in bakje kofje fertelde dhr. Johan Dalstra entûsjast oer syn bedriuw. Dalstra Reizen makket al jierrenlang moaie bus-reizen troch hiel Europa, mar sels de lêste jierren ek wol nei  bûten Europa ta, sa as Canada en USA. Se fersoargje ûnder oaren  individuele reizen, groepsreizen, reizen op maat, fytsreizen, seniorenreizen, stêdenreizen, rûnreizen, skoallereizen en deitochten. Dalstra Reizen wol foarsjen yn noflik en betelber fakânsje reizen  foar de minsken.

Yn 1927 is bedriuw FSZ (Fokkinga, Snijder en Zijlstra) yn Surhústerfean oan de Kolk begûn mei har busreizen. Dit bedriuw die groepsreizen foar de minsken, mar fersoarge ek de buslijntsjinst tusken Surhústerfean en Ljouwert. It bedriuw groeide en yn 1940 hiene se al 9 autobussen yn it bedriuw. Nei de twadde wrâldoarloch moast it bedriuw wer opbout wurde en gong it har mear talizzen op it toeringcar-bedriuw.

Yn 1961 hat de famylje Dalstra it bedriuw oernommen fan FSZ. De namme FSZ is hanthavene oant yn de 70er jierren. Dêrnei waar de bedriuwsnamme definityf Dalstra Reizen.

Yn 2004 is der noch in grutte feroaring west. Dalstra Reizen ferhuze nei it hjoeddeistige plak oan de Molenweg yn Surhústerfean. Dit wie earst it pân fan Riemersma Kinderwagens. Hjir hat Dalstra Reizen in hiel moaie lokaasje krigen mei in protte romte foar har bussen.

It bedriuw bestiet út 5 ûnderdielen: 1. it reisburo, 2. it busbedriuw, 3. de wurkpleats/garaazje, 4 skjinmaak en 5. de administraasje. Op dit stuit hat it bedriuw sirka 25 bussen op de wei en wurkje der ûngefear san 80 minsken by Dalstra Reizen (fêste krêften, útzendkrêften, opropkrêften en part-timers). It wurk bestiet foar de helte út individuele reizen en de oare helte foar groepsreizen. De sjauffeurs fan it bedriuw moatte net allinnich goed en feilich de bus bestjoere kinne, mar se binne derneist ek noch faaks de reislieder/gids en dêrmei it gesicht fan it bedriuw.

De simmer is fansels it heechseizoen foar Dalstra Reizen, dan is it fol oan de bak. Omdat se troch hiel Europa ride hat Dalstra Reizen te meitsjen mei in protte Europese burokratiese regels, wat fansels in protte tiid kostet om alles goed te regeljen. Vignets, tolboksen, riid-en rêsttiiden foar de sjauffeurs, miljeu-wetjouwing ensfh.

Ek de duorsumheid is hjoed de dei tige wichtich by bedriuwen, ek hjiryn rint Dalstra Reizen mei foarop. Nei de kofje en in moaie diskusje liede dhr. Johan Dalstra de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch it kantoar, bedriuw en garaazje. De FNP’ers betanken dêrnei dhr. Johan Dalstra foar de hertlike ûntfangst en de nijsgjirrige wurkbesite.

Tekst (C): FNP 

Naar vorige bericht: In je Uppie: themagesprek over spijt in Surhuisterveen
Naar volgende bericht: Gezellig drukke bingoavond in Glinstra State

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale