Naar vorige bericht: Lezing Mazzel tov door Margot Vanderstraeten
Naar volgende bericht: Kruidenavonden bij de KrûdWiizer

Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan de lytse hûskes strjitte yn Hurdegaryp

HURDEGARYP – Sneontemoarn 17 febrewaris wie it safier. In oantal minsken fan FNP Achtkarspelen gong op wurkbesite en besichtiging by de lytse húskes strjitte yn Hurdegaryp.

Dizze lytse hûzen wurde ek wol “tiny houses” neamd. De eigeneresse fan ien fan de lytse hûskes dêr is Mirjam Aukema. Sy wennet dêr allinnich mei har hûn Lobke. Se wie thús en de FNP-ers mochten yn har hûs komme om it te besjen. Dit wie foar de FNPers in nijsgjirrige erfaring.

It hûske fan Mirjam Aukema seach der moai út en wie echt komfortabel. Sa’n lyts hûske is yn totaal mar 30 fjouwerkante meter grut, mar echt alles sit deryn. In wenkeamer, keukentsje, sliepgedeelte, douche, wc en genôch kastromte.

It hûske is duorsum, tige enerzjy-sûnich en de flier hat sels flierferwaarming. Op it dak lizze 48 sinnepanielen en dat is genôch foar alle stroom dy’t se brûkt. Yn de simmer fan 2017 binne der 5 hûskes op in rige delset yn Hurdegaryp. Dit wie de earste komplete lytse hûskes strjitte yn Nederlân.

Der is in grutte fraach nei dit soarte fan húskes oan it oanstean yn Nederlân. It is ideaal foar minsken dy’t allinnich binne. Minsken dy’t wol sels keapje wolle, mar net folle jild oer hawwe foar in besteand of in nij grut hûs. Ek foar startende jongerein kin it in prima oplossing wêze. Foar sa’n 80.000 euro binne jo hielendal klear (hûs + grûn).

De FNPers betanken dêrnei Mirjam Aukema foar de besite. Mirjam Aukema is tige grutsk op har nije hûske en se fertelde dat se der noch hiel lang yn wenje bliuwe wol.

Naar vorige bericht: Lezing Mazzel tov door Margot Vanderstraeten
Naar volgende bericht: Kruidenavonden bij de KrûdWiizer

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale