TWIZEL – In delegaasje fan de fraksje en it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen is koartlyn op wurkbesite west by de wyngaerd en wynmakkerij “De Frysling” yn Twizel.
De FNP Achtkarspelen wol graach as fraksje en partij witte, wat der sa libbet yn de doarpen en de bedriuwen yn ús gemeente Achtkarspelen. Dêrom geane we regelmjittich as fraksje op wurkbesite troch de gemeente. De FNP waar freonlik ûntfongen troch de eigenaresse mevr. Broersma fan De Frysling. Sy fertelde enthousiast oer har bedriuw.
Jantiene Broersma en har man Douwe Broersma binne beiden ûndernimmers yn hert en siel. Se binne yn 2008 begûn mei it bedriuw yn Twizel. Erfaring mei wyn meitsjen hiene se net, mar it hie wol hun grutte interesse. Se kochten yn Twizel in âld wâldhûske, mei in stik lân derby. Se knapten it wâldhûske op en op it lân begûnen se mei it oanlizzen fan in wyngaerd.
Dizze wyngaerd leit op ungefear 1½ hektare goeie lânbougrûn. Op dizze grûn ha se ungefear 5000 wynstokke plante, dit leveret elts jier dan ek sa’n 5000 flessen wyn op. De wynstokken wurde spesjaal oanfiert fanút Súd-Dútslân. Sa ha 6 drúverassen keazen dy tige goed by it klimaat fan Frieslân passe. Mei de drúven dy se dêr ôfhelje meitsje se goeie kwaliteitswynen.
Foaral Wite wyn, Blanc de Noir en Rosé wyn. It binne heechweardige produkten, it is kwaliteitswyn en gjin massaproduksjewyn. As it waar yn in jier hiel goed is, dan is de kwaliteit fan de drúven better, wêrnei de kwaliteit fan de wyn fan dat jier fansels ek better is.
It jier 2018 mei hiel moai waar, wie dus in top-jier. De famylje Broersma ha no yn de tiid in protte erfaring opdien en se binne dêrom ek gruts op harren produkten.
De famylje Broersma kin ek in berop dwaan op in hiel grutte groep frijwilligers die harren helpe yn de topdagen mei it plukken fan de drúven. De oogsttiid sit yn de moannen septimber, oktober en ek noch wol yn begjin novimber.
De Fryslng makket dus goede wynen, foaral omdat se de goede rassen ha, de tiid derfoar nimme en se dogge alles mei de eigen hân.
De wyn fan de Frysling hat yn de ôfrûne jierren al ferskillende priizen wûn. De Frysling fermerket alles sels, se dogge neat mei help fan de tuskenhannel. It grutste ôfsetgebiet foar De Frysling is de partikuliere merke. Mar fansels kinne ek horekabedriuwen, de oerheid, de gemeente, de provinsje ensfh. by harren terjochte.
Nei noch in rûnlieding troch it bedriuw en de wyngaerd en wat diskusje naam de delegaasje fan FNP Achtkarspelen ôfskie fan De Frysling yn Twizel. De FNP-ers betanken frou Broersma fan De Frysling foar de gastfrije ûntfangst. It wie in moaie en learsume wurkbesite by in topbedriuw.
Tekst (C): FNP