BUTENPOST – Ofrûne maitiid binne der troch de FNP Achtkarspelen, troch de hiele gemeente hûs-oan-hûs struibrieven bydel brocht. Op dizze struibrief stie in enkête dy’t de boarger ynfolje koe en weromstjoere nei de FNP, al of net anonym.
De gearstalling fan dizze enkête is troch de FNP ein foarich jier al úteinset, mar dochs koe de aktuele fraach oer in referindum oangeande in AZC yn Achtkarspelen taheakke wurde; 78% fan de ynstjoerders soe graach harren miening jaan oer dit ûnderwerp.
Sa’n 60% fynt dat der genôch omtinken is foar it Frysk yn it ûnderwiis. De Nota Taalbelied fan Achtkarspelen rint dit jier ôf en ek de FNP sil der op tasjen dat dit trochset wurdt. Yn ús sportgemeente is 87% tefreden mei de oanwêzige sportfoarsjenningen yn de doarpen.
Fan de ynstjoerders is 68% te sprekken oer it politike wurk fan de FNP en 20% wit it net, de fraksje en it bestjoer sil har dêr de kommende tiid perfoarst noch mei dwaande hâlde om de boarger noch mear by de polityk te belûken.
Yn de 11 doarpen fynt 31% dat der net genôch foarsjenningen binne om yn eigen doarp wenjen te bliuwen, foaral ek op de âlde dei. De enkête lit sjen dat dit lûd it measte fan út de lytsere doarpen komt dêr’t net folle of sels gjin âldereinfoarsjenningen binne. It is skande dat minsken op lettere âldens dochs noch nei in oar doarp ferhúzje moatte.
Oer de Doarpeteams yn Achtkarspelen is al hiel wat sein, mar dochs is 49% fan de ynstjoerders net op ‘e hichte fan dizze teams. Dêr foaroer is 48% wol op’e hichte, dochs fertsjinnet it wol mear omtinken dus.
Mooglikheden foar bouwen en ûndernimmen binne der neffens 62% genôch. Dat betsjut dochs dat 27% muoite hat om plannen fan ‘e grûn te krijen yn ús gemeente. De rest hat der gjin miening oer. In gefoel fan feiligens hat 74%, dêrneist fielt 22% harren net sa feilich.
De lêste iepen fraach oan de boargers is oft hja ideeën hawwe oer hoe’t de gemeentepolitisy de boargers mear by de lokale polityk belûke kinne. Dêrop binne nijsgjirrige tips binnen kaam dy’t de fraksje fan de FNP by de hân hâlde sil.
De measte ynstjoerders wiene anonym. De measte enkêtes kamen werom út de grutste doarpen; Bûtenpost en Surhústerfean, kwa ynwennersoantal en ynstjoerde enkêtes wie Twizel it heechste. Under de ynstjoerders hat de FNP fiif Fryske pakketten ferlotte, dy binne al útrikt.
Mei dizze útslach sil de FNP de kommende tiid wakker dwaande en tankt hjirby alle minsken dy’t de muoite nommen hawwe om de enkête werom te stjoeren. “Jo ynbring stelle wy as FNP tige op priis!”