Naar vorige bericht: Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan berneopfang TIKO Bûtenpost
Naar volgende bericht: Bluesrockgitarist Julian Sas met band in Iduna

Tomke hat positive ynfloed op gebrûk fan it Frysk

KOATSTERTILLE – Wa yn Fryslân ken Tomke net? Tomke is in populêr mantsje, hast elkenien ken him. Dat docht bliken út it ûndersyk dat Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân dwaan litten hat.

Undersyksburo Partoer frege 345 âlders yn Fryslân nei harren ûnderfining mei en miening oer Tomke. Dêr docht út bliken dat hast alle âlders (98%) Tomke kenne en dat it grutste diel fan de âlders (92%) it belangryk fynt dat Tomke de Fryske taal stimulearret. De measte âlders jouwe dêrneist oan dat sy troch Tomke mear mei de Fryske taal dogge, bygelyks troch faker yn it Frysk foar te lêzen.

De resultaten fan it ûndersyk binne byelkoar brocht yn it rapport Alders oer Tomke: it effekt fan Tomke op de taalûntwikkeling fan pjutten yn Fryslân. It rapport is fan hjoed ôf foar elkenien digitaal beskikber fia û.o. de webside fan Stichting Lezen.

Oanbieding

It Tomke-rapport Alders oer Tomke: it effekt fan Tomke op de taalûntwikkeling fan pjutten yn Fryslân is hjoed troch foarsitter Jacques Malschaert fan Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân oanbean oan deputearre Poepjes. Dat barde op pjutteboartersplak De Bernejister yn Koatstertille. Foar de bern fan De Bernejister joech Riemkje Pitstra, de fêste skriuwster fan Tomke, in foarstelling.

Oer it Tomke-projekt

Tomke is in Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar bern fan 2 oant 4 jier. Yn alle materialen en aktiviteiten stiet it jonkje Tomke sintraal. Mei Romke, Kornelia en Yana Yu belibbet hy aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.

It projekt wol âlders en professionals oansette ta it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar it lizzen fan in goede taalbasis. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk: bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne makliker in oare taal leare.

De organisaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en Bibliotheekservice Fryslân, yn gearwurking mei Cedin, Stichting Frysktalige Berne-opfang en Omrop Fryslân. It projekt is mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Naar vorige bericht: Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan berneopfang TIKO Bûtenpost
Naar volgende bericht: Bluesrockgitarist Julian Sas met band in Iduna

Overig regionieuws

Klik hier voor meer regio

  • Huis van de maand juni
  • De voordelen van een robot in de maakindustrie
  • Huis van de maand mei
  • RTV De Wâlden sluit zich aan bij streekomroep voor Noordoost Fryslân
  • Huis van de maand april
  • Folklorefestival Hurdegaryp afgelast
  • Marc Lourens nieuwe trainer O19 VV Buitenpost
  • Wie kan morgen wel naar school?
  • Omrop Fryslân past programmering aan vanwege Coronavirus
  • Fries museum sluit deuren in verband met coronavirus
  • Musical Mozes verplaatst naar maart 2021
  • Afgelasting Jubileumreünie & ontmoetingsdag Buitenpost
  • Afvalestafette Tytsjerksteradiel van start
  • Eerste kievitsei Achtkarspelen gevonden
  • Afvalestafette Achtkarspelen van start
  • Vrijwilligersproject Lauwers College doet breidt zich uit als olievlek
  • Verzetsmuseum toont dagelijks leven in Friesland tijdens oorlog
  • Lezing: voorjaarsreiniging van het lichaam met kruiden
  • Eerste kievitsei Tytsjerksteradiel gevonden
  • Aiden, Andries, Reinder en Stefano turnen achtste finale